Joop en Sander binne lulk. Lulk op it bespotlike idee om Fryslân mar efkes op te heffen. Lulk op de minsken dy’t dêr net wenje, mar dy’t wol foar in gearfoeging mei oare provinsjes pleitsje. Mar ek lulk omdat Fryslân miskend wurdt. Joop en Sander binne krekt grutsk op Fryslân om har taal, kultuer en bestjoer, dêrom kieze sy net foar de ferdigening, mar de oanfal! Doch mei se mei en tekenje dizze petysje tsjin it opheffen fan de provinsje Fryslân! Mei dizze aksje litte wy oan de tsjinstanners sjen: Fryslân moat bliuwe!
11 redenen om te tekenjen
Oantal ûndertekenen
000714