11 redenen om te tekenjen

1.
Fryslân is in dúdlike en werkenbere provinsje mei in eigen taal en in eigen kultuer.

2.
Der is lokaal en regionaal gjin inkeld bestjoerlik draachflak foar it opheffen fan de provinsje. “Den Haach” moat der dan seker fan ôfbliuwe.

3.
De provinsje Fryslân set saken yn beweging: oanlis wegen, regionale ekonomy en kultureel belied.

4.
De provinsje Fryslân set minsken yn beweging: heechste opkomst fan Nederlân by provinsjale ferkiezings.

5.
Mei de komst fan in lânsdiel Noard ferdwynt de Fryske fiertaal út de Steaten en de gemeenten.

6.
Opgean yn in lânsdiel Noard betsjut in provinsje fan Flylân oant Klazieneveen.

7.
Yn in lânsdiel Noard is mear oerlis fanneden om ta oerienstimming te kommen.

8.
Fryslân moat júst krekt mear foech fan Den Haach krije. Bygelyks op it mêd fan ynfrastruktuer, taal en regionale ekonomy.

9.
By it gearfoegjen sil it ekonomysk swiertepunt op grutte plakken komme te lizzen. De stipe foar lytsskalige ekonomy wurdt wei.

10.
Mei in regionale polityk en bining is der besteansrjocht foar regionale media, lykas Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.

11.
De provinsje is tichtby en fertroud. Bestjoerders en keazen boargers binne oansprekber en benei te kommen.

Koartsein: it gearfoegjen fan Fryslân, Grinslân en Drinte is itselde as it gearfoegjen fan Nederlân, België en Lúksemboarch: miskien noch te beriddenearjen, mar grif net te begripen.

« Vorige